Westergosône net op slot

© Omrop Fryslân
De Westergosône tusken Harns en Ljouwert wurdt net in nasjonaal lânskip. Dat stie earst wol yn de Nota Ruimte fan it kabinet, mar minister Veerman hat it foarstel skrast. Dat die bliken by de behanneling fan de Nota.
Fryslân hie der bot op oantrúnt om de bepaling derút te krijen, omdat dy de ekonomyske ûntwikkeling fan de Westergosône op slot sette soe. In provinsjale delegaasje wie yn Den Haach by de behanneling fan de Nota.