Konsert smyt 16.650 euro op

18 jan 2005 - 16:42

It benefytkonsert fan Fryske artysten moandei yn de Harmonie yn Ljouwert hat 16.650 euro opsmiten. It jild giet nei de slachtoffers fan de seebeving yn Azië.

Oan it konsert diene artysten as Syb van der Ploeg, Mirjam Timmer, Griet Wiersma en it shantykoar Rolling Home belangeleas mei. Kaberetier Rients Gratama en sjongeres Nynke Laverman presintearren de jûn. It konsert wie útferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)