'Priis jongfee giet omheech'

18 jan 2005 - 16:14

De prizen foar swartbûnt jongfee driigje foars heger te wurden troch de populariteit fan fleiskij. Dêrfoar warskôget foarsitter Jan van Weperen fan feeferbetteringsbedriuw CR Delta.

By fleiskij nimt fral it ynseminearjen mei de Belgyske Blauwe as fleisras noch hieltyd ta. De swartbûnte kij binne benammen goed foar de molkeproduksje en boeren moatte net ferjitte ek dêrfan fokmateriaal te brûken. Oars moat der jongfee bijkocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)