Enkête oer namme Smellingerlân

18 jan 2005 - 16:14

Groen Links yn Smellingerlân hâldt in enkête oer at de namme fan de gemeente feroare wurde moat yn Drachten. Oanlieding is dat boargemaster Van der Zaag de diskusje wer oanswingele hat yn syn nijjierstaspraak.

Guon minsken wolle dat de gemeente Drachten komt te hjitten, omdat dat bekender is as Smellingerlân. Foaral ynwenners fan de doarpen yn de gemeente binne it dêr net mei iens. De enkête stiet op de site fan Groen Links.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)