Kramer net nei WK foar junioaren

© Omrop Fryslân
Sven Kramer docht yn febrewaris net mei oan de WK foar junioaren. Kramer (18) wol meidwaan oan de finale fan 'e Worldcup yn Thialf yn febrewaris, om him te pleatsen foar de WK ôfstannen. De wrâldbekerfinale is yn itselde wykein as de WK foar junioaren.
Kramer waard ferline jier twadde by de WK-junioaren. No freed docht Kramer mei oan de skate-off om him te pleatsen foar de kommende wrâldbekerwedstriden op de fiif kilometer.