Plysjeman oanhâlden
De plysje hat moandei in plysjeman (35) fan it distrikt Midden-Fryslân oanhâlden. De man wurdt fertocht fan skriftferfalsing en fan it trochjaan fan plysje-ynformaasje oan tredden.
It ûndersyk nei it hâlden en dragen fan de man wurdt dien troch it buro Interne Veiligheid fan de plysje. De offisier fan jústysje is ferantwurdlik foar it ûndersyk.