Bernefoarstelling Lawei giet oer

18 jan 2005 - 09:53

De twa foarstellingen fan 'Nijntje is er weer!', woansdeitemiddei yn de Lawei yn Drachten geane net troch. Dat komt troch sykte fan de persoan dy't Oma Pluis spilet. Der is gjin ferfangster.

Minsken dy't kaarten hawwe, wurde troch de Lawei op de hichte steld. Der wurdt mei it impresariaat praat oer in ferfangende foarstelling. Wannear't dy wêze sil, is noch net dúdlik. Dat krije minsken letter te hearren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)