Rapport stjoergroep oer spoar

© Omrop Fryslân
De stjoergroep Suderseespoar presintearret woansdei har rapport 'De Zuiderzeelijn, de kansen in beeld'. It rapport is in reaksje op de kommisje Duijvesteijn. Neffens dy kommisje binne de finansjele risiko's foar it projekt te grut.
Ek soe der te min ûndersyk dien wêze nei wat in rappe ferbining tusken de Rânestêd en it Noarden opsmyt oan wurkgelegenheid. De stjoergroep sei earder al dy konklúzjes net te dielen.