Lytse kâns op bernehannel

© Omrop Fryslân
Der is in lytse kâns dat minderjierrige asylsikers dy't yn Ljouwert ferdwûn binne, slachtoffer wurden binne fan bernehannel. Dat seit in wurdfierder fan it NIDOS, de organisaasje dy't de sân bern opfong. Nei alle gedachten binne se nei famylje of kunde gien of ferbliuwe se yllegaal yn Nederlân.
De plysje wit fan de fermissings, mar siket net aktyf. Ek fjouwer bern út de azc's yn Sint Anne en Drachten wurde fermist.