Cambuur wint nederlagetoernoai

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Cambuur fan Ljouwert wûn tiisdei mei 2-4 op sportpark De Bosk fan de Harkemase Boys. It wie in wedstriid yn it ramt fan in nederlage- toernoai dêr't ek Veendam, FC Grins en SC Heerenveen oan meidogge.
Foar Cambuur skoarden Zimmerman, Van Zundert, Houwing en Luketa. By de Boys wiene Alberda en Hartman de doelpunte- makkers. De fan De Graafschap ôfkomstige gastspits Sjoerd Ars makke in goede yndruk op Cambuur.