Te min geskikte boeken

17 jan 2005 - 17:46

De Kristlike Fryske Folksbibleteek (KFFB) krijt hieltiten minder geskikte manuskripten fan Fryske skriuwers. Dêrtroch wurdt it yn de takomst dreger om boeken út te jaan dy't oan de leden tastjoerd wurde kinne.

Leden fan de KFFB krije alle jierren fjouwer boeken thússtjoerd. De Folksbibleteek hat op it stuit 2600 leden, mar ferliest der jierliks 250. De boekeklub wol besykje mear jongeren lid te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)