Soad amtners op Fryske les

17 jan 2005 - 16:02

De provinsje Fryslân is dwaande mei it organisearjen fan ekstra kursussen Frysk foar de eigen meiwurkers. It giet om de kursussen Fries verstaan en lezen, Fries spreken en Leargong A. Ferline jier diene 20 amtners oan sa'n kursus mei, dit jier binne it der 80.

De kursussen wurde dit jier foar it earst op it provinsjehûs sels hâlden, en dat makket it foar de amtners makliker om mei te dwaan. Ek wurde de kursussen troch de provinsje betelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)