Identiteit deade man bekend

17 jan 2005 - 15:44

De identiteit fan de man dy't sneontejûn yn it sikehûs fan Ljouwert ferstoar, is bekend. It giet om in allinnichsteande man fan 88 jier út Ljouwert.

Nei oanlieding fan it nijs fan moandei op Omrop Fryslân radio krige de plysje acht tips binnen. Oan de hân dêrfan koe syn identiteit fêststeld wurde. De man wie sneontejûn fûn op de hoeke Oldegalileeën/Pieterseliewaltje. De plysje hie tsjûgen frege har te melden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)