Munte-útstalling yn Planetarium

© Omrop Fryslân
In bysûndere kolleksje munten is op it stuit te sjen yn it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. It giet om de samling fan Jaap Haagsma, dy't foarhinne sels ek yn Frjentsjer wenne.
De munten dy't no te sjen binne, litte ûnder oare de hichtepunten yn de astronomy en rûmtefearthistoarje sjen. Sa binne der munten útstald fan de earste minsk yn de rûmte en de earste minsk op de moanne. Ek steane op guon munten fertsjusteringen ôfbylde.