Plysjekontrôle yn Feanwâlden

© Omrop Fryslân
De plysje sil ekstra surveilleare yn de Lijsterstrjitte yn Feanwâlden. Dat hat de gemeente Dantumadiel ôfpraat mei de plysje. Oanlieding is dat der ruten ynsmiten binne by de man dy't in Somalysk gesin fuortnarre ha soe. De plysjekontrôle moat fierdere eskalaasje yn it doarp foarkomme.
De gemeente praat moandei mei de plysje, de wenningbouferiening Dantumadeel en mooglik it maatskiplik wurk oer de problemen yn Feanwâlden.