Stucki hâldt referindum

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter keunstner Alfred Stucki skriuwt in referindum út om te fernimmen wat de Ljouwerters fine fan it fuortheljen fan syn skilderij K.U.T. It keunstwurk hong by de Infirmerie, mar de gemeente fûn dat net goed.
Stucki fielt him no oantaast yn syn frijheid fan mieningsutering. De letters K.U.T. steane neffens Stucki foar 'Kunst und Träne'. It referindum is kommende snein en wurdt hâlden ûnder de namme 'Open K.U.T. ja of nee'.