Nije wedstriid Kunstbende

© Omrop Fryslân
Foar de fyftjinde kear organisearret Kunstbende dit jier de lanlike keunstwedstriid foar jongerein. Yn Iduna Drachten waard sneon de wedstriid fan Kunstbende Fryslân lansearre mei ferskate optredens en de presintaasje fan promoasjemateriaal.
Fryske jongeren dy't belangstelling ha, kinne op 9 april meidwaan oan de foarronde yn de Lawei yn Drachten. De regionale finale sil hâlden wurde by it strjitteaterfestival yn Ljouwert.