'Fryske VVV's yn ien stand'

16 jan 2005 - 13:06

De VVV's yn Fryslân moatte ris neitinke oer ien grutte stand foar de promoasje fan de wettersport op de beurs Boot Düsseldorf. Dat sei it kolleezje fan B&W fan Snits sneon by de offisjele iepening fan de stand fan Snits op dy beurs yn Dútslân.

Oare wettersportgebieten presintearje har dêr ek as in ienheid. Fryslân soe der wat fan leare kinne, fine B&W Snits. Op Boot Düsseldorf komme alle jierren mear as 350.000 besikers ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)