Stikken Fries Museum yn database

© Omrop Fryslân
It Grinzer bedriuw Reekx sil de besittings fan it Fries Museum yn Ljouwert yn kaart bringe. Rûchwei giet it dan om 170.000 skilderijen, keunstwurken en objekten. Wat it museum hat, is al earder fêstlein mar dat is net konsekwint gebeurd. Sa koe it foarkomme dat ferline jier yn in kastje bysûndere glêzen opdûkten.
Reekx hat ûnderfining mei it opslaan en rangskikken fan museumstikken op de kompjûter.