Gjin kampanje foar weryndieling

© Omrop Fryslân
In boargemaster dy't keazen wurdt, sil noait kampanje fiere fòar in gemeentlike weryndieling. De keazen boargemaster blokkeart dus yn feite de weryndieling fan gemeenten foarsafier't dy net oplein wurdt fanút de provinsje of it ryk. Dat sei boargemaster Heldoorn fan Opsterlân freed yn Drachten by it minysympoasium fan de PvdA Smellingerlân.
In weryndieling leit te gefoelich as kampanjepunt, ornearret Heldoorn.