Soad bestjoerders kostet ek soad

15 jan 2005 - 14:30

De bestjoerlike tichtheid yn Fryslân kostet de boarger in soad jild. Dat seit âld-wethâlder Pultrum fan Smellingerlân freed by syn ôfskie.

In grutte bestjoerlike tichtheid bestjut dat der in soad bestjoerders lykas boargemasters en wethâlders binne. Yn fergeliking hat Fryslân folle mear boargemasters en wethâlders as bygelyks Drinte. Yn Drinte is der ien bestjoerder op de 1180 ynwenners, yn Fryslân is dat ien op de 870 ynwenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)