Wyk Ludinga yn oanbou by Harns
De bou fan de wyk Ludinga by Harns is freed offisjeel begûn. Yn totaal wurde der 650 wenten yn it gebiet oan de súdeastkant fan Harns boud. De huzen binne benammen bedoeld foar minsken mei in net al te romme beurs. Ek komme der hierwenten. De nijbouplannen binne troch de gemeente en in projektûntwikkelder betocht. De ferwachting is dat ein 2005 it earste hûs klear is.
Trefwurden:
argyf