Somaliërs flechten út Feanwâlden

© Omrop Fryslân
In Somalysk gesin is flechte út Feanwâlden, omdat it narre waard troch de buorlju. Dy hiene der muoite mei dat der minsken fan bûtenlânske komôf njonken har wennen.
Wenningboustifting Dantumadeel wol de buorlju út har hûs sette. Dy proseduere nimt in soad tiid yn beslach. Yn de tuskentiid gie it narjen troch. It Somalyske gesin hat dêrom earst ûnderdûkt sitten. Koartlyn is it nei famylje yn Ingelân gien.