Spannend wykein 4 Fryske bands

© Omrop Fryslân
It is in spannend wykein foar de fjouwer Fryske bands Zwart op Wit, In Limbo, Melanocaster en Autumn. De bands fersoargje mei harren fjouweren de Fryske ynbring op it festivalwykein Eurosonic/Noorderslag yn Grins.
Zwart op Wit, In Limbo en Melanocaster presintearje harren freedtejûn op Eurosonic ûnder it motto Freesonica. De Fryske metalband Autumn mei sjongeres Nienke de Jong spilet sneontejûn op it Noorderslagfestival.