Postbank-reorganisaasje útsteld

© Omrop Fryslân
De reorganisaasje by de Postbank yn Ljouwert is foarearst fan de baan. Memmebedriuw ING wie fan doel om 100 oant 120 banen by de ICT ôfdieling te ferskowen nei Amsterdam. De plannen binne no earst mei in jier útsteld.
De plannen foar de reorganisaasje soargje by it personiel fan de Postbank foar in soad ûnrêst. It fakbûn De Unie krijt in soad telefoan en emails fan wurknimmers. De Unie folget de ûntwikkelingen op de foet.