'Ried spilet tefolle op de man'

15 jan 2005 - 12:10

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel spilet tefolle op de man. Dêrom is wethâlder Postma opstapt. Dat seit fraksjefoarsitter Maaike Prins fan it CDA. De riedsleden soene prate moatte oer hoe't der mei elkoar omgien wurdt yn de gemeentepolityk.

Wethâlder Nijboer (CDA) fan Tytsjerksteradiel fynt it spitich dat syn kollega ophâldt. Hy kin him de krityk fan Postma wol yntinke. Postma fynt de gearwurking mei de ried min.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)