Bernedeiferbliuw wol fergunning

© Omrop Fryslân
In bernedeiferbliuw út Snits hat yn in koart pleit de fergunning weromeaske dy't de gemeente ynlutsen hat. Snits fynt dat de man fan de eigneres him tefolle mei it bedriuw bemuoit. Dat mei net fan de gemeente, omdat de man yn it ferline feroardield is foar ûnseedlik gedrach. De man wurdt no ek troch âlders beskuldige fan misbrûk.
Neffens de adfokaat fan de famylje binne alle oantigings net wier. De útspraak is moandei.