'Hearrenfean toplokaasje'

14 jan 2005 - 17:27

It Ryk moat it Hearrenfean oanwize as ekonomyske toplokaasje. Dat seit Gemeentebelangen Fryslân. De partij makket him soargen oer de Fryske ekonomy. De provinsje soe ferkearde prioriteiten stelle. Der wurdt te bot ynset op de sweeftrein. De provinsje soe mear dwaan moatte om Fryslân ekonomysk better op de kaart te krijen. Dat soe kinne troch it Hearrenfean as ekonomyse toplokaasje opnimme te litten yn it ryksbelied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)