Konflikt om Lidl noch net oer

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits en omwenners fan supermerk Lidl hawwe noch net in oplossing foar har konflikt. Beide partijen ha freed mei elkoar praat. De omwenners hawwe lêst fan it leven fan lossende en ladende frachtweinen. Se wolle dat de supermerk ferdwynt, omdat er der neffens it bestemmingsplan net sitte mei.
Snits wol it bestemmingsplan mooglik oanpasse, mar wachtet de behanneling fan de offisjele beswieren earst ôf.