Aris kânsleas tsjin Den Bosch

14 jan 2005 - 15:08

De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn mei grut ferskil ferlern fan Den Bosch. Yn sporthal It Kealledykje wiene Aris fan begjin ôf de mindere ploech. Healwei de wedstriid stiene de mannen fan coach Tom Simpson al mei 27 punten ferskil achter.

Oan 'e ein wie it gat in bytsje lytser; úteinlik waard it 89-110. De Ljouwerters bliuwe nei it ferlies op it fyfde plak stean, mar ferlieze wol efkes de oansluting mei de top fjouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)