Frou (72) bedrige mei mes

14 jan 2005 - 11:19

In jonge fan in jier as santjin hat juster yn Ljouwert besocht in frou fan 72 te oerfallen. De jonge belle by de frou oan. Doe't dy iepen die, waard de frou troch de jonge nei binnen treaun en bedrige mei in mes. Doe't de frou begûn te razen, treau de jonge har om. Dêrnei naaide er út.

De plysje hopet mei help fan getugen de saak oplosse te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)