Rjochtssaak oer gifskip

© Omrop Fryslân
De kapitein en reder fan it Etiopyske skip Andinet moatte foar de rjochter komme. It skip ferlear yn desimber 2003 yn stoarmwaar foar de kust fan Flylân fetten en konteners mei pestisiden.
Jústysje fynt dat de kapitein en de reder ûnfoarsichtich west ha. De konteners wiene net goed fêstset en de fetten wiene net geskikt foar giftige stoffen. De see is dêrtroch fersmoarge rekke. De saak tsjinnet heal maart foar de rjochtbank yn Amsterdam.