Oplossing swimbaden fier fuort

14 jan 2005 - 08:58

It kin noch wol lang duorje foardat der dúdlikheid komt oer it swimbad fan Easterwâlde. It ynterimbestjoer fan de swimbaden wol it ticht ha. Yn Appelskea soe in nij oerdekt bad komme moatte. Mar de mearderheid fan de gemeenteried fan Eaststellingwerf wol it swimbad yn Easterwâlde iepenhâlde.

It iepenhâlden kostet ekstra jild. De polityk siket dêr no in oplossing foar. De swimbaden yn Eaststellingwerf draaie jierliks mei in ferlies fan 90.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)