Achtkarspelen let op taalgebrûk

14 jan 2005 - 08:42

Achtkarspelen sil tenei better om syn taalgebrûk tinke. Dy tasizzing die wethâlder Van der Ploeg tongersdei oan de rie. Oanlieding wie krityk fan ynwenners fan Twizel. Dy waarden yn in brief fan de gemeente oansprutsen op it yllegaal brûken fan gemeentegrûn. Der waard drige mei de rjochter.

Politike partijen yn de rie koene har fine yn de krityk fan de Twizelers. It CDA fûn de toan fan it brief te driigjend, de VVD klantûnfreonlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)