CU/SGP: fragen oer kearndoelen

14 jan 2005 - 08:34

De fraksje fan Christenunie/SGP yn de steaten wol dúdlikheid ha fan deputearre steaten oer it al as net fersoepeljen fan 'e kearndoelen foar it Frysk. De fraksje is fernuvere oer útspraken fan deputearre Andriesen by Omrop Fryslân. Andriesen kearde har tsjin legere kearndoelen, en dat wylst deputearre Mulder dêr krekt foar is.

De ChristenUnie/SGP tinkt dat de diskusje net goed is foar de posysje fan it Frysk op skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)