'Glêstúnbou Berltsum útwreidzje'

14 jan 2005 - 07:33

De glêstúnbou yn de omkriten fan Berltsum moat fierder útwreide wurde. Dat fine de trije noardlike provinsjes: Fryslân, Grinslân en Drinte. De provinsjes ha mei elkoar in brief stjoerd oan de Twadde Keamer.

Yn it brief stiet dat sy it net iens binne mei de Raad voor het Landelijk Gebied. Dy hat sein dat Berltsum wol skrast wurde kin fan de list mei gebieten dêr't duorseme glêstúnbou ûntwikkele wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)