Benefytwedstriid Cambuur ferbean

© Omrop Fryslân
In benefytwedstriid tusken Cambuur Ljouwert en Emmen is troch de gemeente Emmen ferbean. De wedstriid stie pland foar nije wike sneon. De opbringst fan de wedstriid soe nei de slachtoffers fan de seebeving yn Azië gean. De gemeente Emmen wol net lije dat der fuotballe wurdt, omdat it om in risikowedstriid gean soe.
Beide fuotbalklubs binne no op syk nei in oare lokaasje. Der is in kâns dat de wedstriid yn Ljouwert spile wurde sil.