Supermerk Holwert mei ferhúzje

© Omrop Fryslân
Der kin in supermerk komme yn it sintrum fan Holwert. Beswieren fan omwenners binne troch de gemeente ôfwiisd. De winkel stiet no noch oan de Foarstrjitte, mar wurdt ferpleatst nei de hoeke fan de Fonteinstrjitte.
Op it nije plak is de berikberheid better en binne der mear mooglikheden foar útwreiding. Guon omwenners binne benaud dat har útsicht bedoarn wurdt en dat it ekstra ferkear foar oerlêst soargje sil.