Hearrenfean wint yn Turkije

13 jan 2005 - 15:54

SC Hearrenfean wûn woansdei de earste oefenwedstriid yn Turkije mei 2-0 fan de kampioen fan Bulgarije: Lokomotiv Plovdiv. Georgios Samaras makke yn de twadde helte de beide doelpunten foar de Feansters. Keeper Boy Waterman spile nei syn blessuere de twadde helte, de Noar André Hanssen makke syn debút.

Sneon spilet Hearrenfean noch tsjin de kampioen fan Turkije: Fenerbahce. Dêrnei sit it trainingskamp derop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)