Nij bedriuweterrein yn Ternaard

13 jan 2005 - 13:51

Der komt in bedriuweterrein oan de Holwerterdyk yn Ternaard, mei plak foar alve oant sechtjin bedriuwen. Op it terrein komt ek plak foar bedriuwswenten.

It ynisjatyf komt fan lokale ûndernimmers, ferienige yn de Ondernemers Vereniging Ternaard (OVT). De feriening hat twa jier oan de plannen wurke. Seis bedriuwen ha al oanjûn dat se belangstelling ha foar in kavel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)