Blau-Wyt ferhuzet nei Goutum
De ferpleatsing fan de fjilden fan fuotbalklup Blau-Wyt yn Ljouwert nei de Drachtsterwei by Goutum, is nei 7 jier praten einlik wis. By Goutum komme 5 nije fjilden en in sporthal.
No hat Blau-Wyt syn fjilden by it kondensfabryk fan Friesland Foods oan de Greunswei yn Ljouwert, mar it súuelfabryk wol dêr graach útwreidzje. De ferpleatsing nei Goutum kostet miljoenen. In part derfan wurdt troch Blau-Wyt sels opbrocht.
Trefwurden:
argyf