Waadferiening: gaswinnings meie

© Omrop Fryslân
De Waadferiening jout de striid tsjin de gaswinning op. De feriening wol mei de NAM prate oer de betingsten dêr't de winning oan foldwaan moat. It Ryk hat mei in grutte mearderheid besletten om dochs ta boarrings oer te gean. As it dan dochs moat, wol de Waadferiening wol wat te sizzen hawwe.
As de Nederlânske ierdoaljemaatskippij boarrings útfiert, dy't net neffens de kritearia binne, dan komme der mooglik juridyske stappen.