Schuiteman traint wer by Cambuur

13 jan 2005 - 00:00

Cambuur-ferdigener Bernard Schuiteman is tongersdei wer weromkommen út Dútslân. Schuiteman hat trije dagen op proef west by Fortuna Düsseldorf. De ferdigener hat noch gjin oanbieding krigen. De Dútse klub wol him earst nije wike sneon noch in kear teste yn in oefenwedstriid tsjin SV Darmstad.

Tongersdeitemiddei traint Schuiteman wer fleurich mei Cambuur mei. Oft syn Dútse aventoer in ferfolch krijt is noch ûnwis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)