OZB giet omheech

© Omrop Fryslân
De ûnreplik guod belesting, de OZB, giet yn Fryslân dit jier gemiddeld mei twa prosint omheech. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it wurkjouwersbûn VNO-NCW Noord by njoggen Fryske gemeenten. De taname is leger as it lanlike persintaazje fan fiif prosint.
Yn Fryslân is Dongeradiel koprinner mei 5,5 prosint wylst yn Ljouwert in lytse ôfname te sjen is. Dêr stiet tsjinoer dat wenningen en kantoaren yn Ljouwert dit jier opnij takseard binne.