Jongeren drinke mear

© Omrop Fryslân
Hieltiid mear Fryske jongeren drinke alkohol. Dat seit de GGD-Fryslân yn it rapport 'GO Jeugd!' Neffens ûndersyk fan de GGD drinkt fjouwer op de fiif jongeren wol ris alkohol en hat 40 prosint dêrfan binnen in moanne foar it ûndersyk dronken of oansketten west.
Yn 2004 smookten jongeren wol minder as yn 1998. In kwart fan de jongeren smookt. Ek it gebrûk fan soft en hard drugs ûnder jongeren is ôfnaam. Ien op de fyftjin brûkt softdrugs.