Nije oarsaak fersakjen Aldehou

© Omrop Fryslân
Argeologen hawwe in nije mooglike oarsaak fûn foar it fersakjen fan 'e Aldehou yn Ljouwert. It blykt dat der oanboud is tsjin de sydkant fan in terp út de earste ieu nei Kristus.
By de skeane toer wurdt op it stuit ûndersyk dien. Tiisdei is in twadde proefgat makke foar ûndersyk. In tredde proefsleuf, oare wike, moat genôch ynformaasje opsmite foar in fundearre konklúzje. Der binne resten fûn fan in âlde Romaanske tsjerke.