Ynrindagen foar eilânprojekten

12 jan 2005 - 16:54

Op de waadeilannen wurde yn jannewaris ynrindagen foar plattelânsprojekten organisearre. De ynrindagen binne bedoeld foar de eilanners dy't ideeën hawwe op it gebiet fan plattelâns- ûntwikkeling. Der kin dan besjoen wurde oft de ideeën yn oanmerking komme foar finansjele stipe fan de provinsje.

De ynrindagen binne yn de lêste twa wiken fan jannewaris. Foar it Amelân binne dat 17 en 18, op Skier 20 en 21, Flylân 24 en 25, en Skylge op 26 en 27.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)