Provinsje wol minder regels

12 jan 2005 - 16:32

De provinsje wol in fjirde part fan de regels skrasse. Om dat foar elkoar te krijen, begjint de provinsje takom wike mei in ynventarisaasje. Derút moat dúdlik wurde hoe't de papiersteapel dy't boargers en bedriuwen ynfolje moatte, fermindere wurde kin.

It giet bygelyks om gegevens dy't nedich binne foar it krijen fan subsydzje. Der binne goed 120 provinsjale regels. Yn 2006 moatte dêr sa'n 90 regels fan oer wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)