Slim ûngelok by Hallum

© Omrop Fryslân
By in ûngelok by Hallum is woansdeitemoarn in famke fan njoggen jier slim ferwûne rekke. By it oerstekken fan 'e Ljouwerterdyk kaam se ûnder in frachtwein telâne. De trúk kaam dêrnei mei it famke yn 'e sleat telâne.
Omstanners hawwe har op 'e wâl brocht. It famke is yn kritike tastân nei it sikehûs ta brocht. De sjauffeur fan 'e frachtwein is yn in shock. It ferkear is in skoft lang omlaat.