Klúskes by Philips leechrôve

12 jan 2005 - 13:33

By Philips yn Drachten binne woansdei santich klúskes fan meiwurkers iepenbrutsen. De dieders namen de ynhâld mei en koene útnaaie foardat it befeiligingspersoniel de poarten sletten hie.

De bút bestiet ûnder oare út rydbewiizen, paspoarten en beurzen. In lyts part dêrfan is weromfûn op en yn de buert fan it terrein fan Philips.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)